Nazorg 2012

Resultaten 2012

Schermafbeelding 2016-03-02 om 20.59.36

Schermafbeelding 2016-03-02 om 20.36.01

Kieviten, grutto’s, scholeksters, tureluurs.

Schermafbeelding 2016-03-02 om 20.36.26

Overige soorten

 

 

 

 

 

 

 

Bêste koördìnator fan de neisoarch,

lt ynfoljen fan ít fjildboekje fine wy nochal teoretysk en dat dit net foldwaande romte jout oan wat men sa’n neisoarchperioade yn it fjild belibbet. Dêrom ûndersteand ferslach.

Myn maat en ik binne begûn op 16 april en hiene fan boer De Jong heard dat der in nêst mei 4 ljipaaien lei op syn westlikste stik maïslân. Doe’t wy dêr kamen fûnen wy in folslein Ieech nêst, gjin dopkes te sjen. (foks)?
Op in wat eastliker lizzend stik maïsIân Ieine fjouwer Ijipaaíen en dy komme yn oerlis mei de boer yn in bakje mei it each op oansteand agrarysk wurk.

20 april wiene dy aaien net mear yn it bakje en wy geane der fanút dat it yntusken plakfûne ploegjen de reden fan it weireitsjen is. Wy sjogge in spantsje tsjirken en in spantsje strânljippen.

Op 23 april merke wy de folgjende fûgels op yn dit part fan it Deelsterfjiid. Twa sp.skriezen‚ tríje sp. Ijippen‚ ien sp.boumantsjes‚ twa sp.tûfeinen en ien sp.slobbein.

26 april fine wy in nêst mei tríje ljipaaien op gêrslân en in nêst mei fjouwer op it eastlike maïsIân.

Op it westlike maïslân leit no in nêst mei fjouwer strânljipaaien.

Belje op 27 april mei de boer en Iizze him de sitewaasje út. Wy ha stokken setten, útsein by de strânljip. Krije te hearren dat der stront op de maïsstikken brocht wurde sil mei de s.n. sleepslangmetoade. Dêrnei moat der dus noch siedde wurde.

29 april fine wy in nêst mei twa skriesaaien op gêrslân.

Belje 2 maaie mei de boer, dy ‘t ferwachtet dat op 3 maaíe de stront oer it maïsIân komt. 

Dat strontriden wurdt 5 maaie. Wy sette krekt dêrfoar beide nêsten oer yn bakjes. Sjogge dat de strânljip hiel gau op syn ’nije’ nêst sítten giet.

Op 7 maaie binne de strânljipaaien út it bakje. (?)

De ljipaaien wurde wol bebret yn it bakje, krekt as de fjouwer ljipaaien yn it gêrslân. De skries briedt op de twa aaien. Wy hearre in tsjirk en sjogge in heidehipper.

Sûnder by de nêsten te kommen stelle wy 9 maaie fêst dat alle aaien bebret wurde. Kinne gjin nêst mei tsjirkaaien fine.

Op 13 maaie selde sitewaasje as op 9 maaie. Op eastlike stik maïs Iiket in strânljip ta lízzen te kommen. 
Belje mei boer. Hat tusken en om beide maïsstikken meand en wol dat dizze wike ploegje. Sa ûntstiet der ien stik maïsIân. Him nochris op’ e hichte brocht fan de nêsten en dat in strânljip begjinne wol te lizzen.
Omdat men dizze wike meane wol, twa stokken set by nêst mei 4 ljipaaien.

Alles meand yn wike 20.

Op 23 maaie fêststeld dat de beide nêsten mei ljipaaien en it iene mei twa skriesaaien útkommen binne. Beide Ijippespantsjes jouwe alarm. Fan de skries neat te merken, ferhuze (?)

Yn de ôfrûne perioade sa no en dan it Iân fan boer Wartena kontroleard op fûgels, sûnder rissultaat.
Dy hat wike 21 ‘ús’ fjild meand.

1 juny leit der in nêst mei twa strânljipaaien op it maïslân. Stokjes setten. 
Alarm fan ien sp. Ijippen. In oar sp. Ijìppen is der ek, mar jout gjin alarm.

Belje 3 juny mei de boer. Sjocht deis oanwizings dat der rídlìk wat jonge fûgels ‘yn syn pleats’ binne. (Wy ha in part fan syn fjild), mar merkt ek dat swarte krieën en oare predatoaren hiel wat jonge fûgels opromje. lt maïslân moat noch in kear spuite wurde.

14 juny sjogge wy ien jonge ljip. Der binne groepkes Ijippen. Strânljip sit noch te brieden.

21 juny jout in ljip alarm. De strânljìp briedt noch. Op oare kant Deel (net ús neísoarchgebiet) hearre wy alarm fan in tsjirk. Gjin skriezen opmurken.

27 juny is der tsjin ûnkrûd spuite op it maïslân. Der is ek wer meand.

28 juny sjogge wy inkele fleankleare jonge ljippen. It Iiket ús ta dat der in hoants tusken sit. Alarm fan strânljìp. Yn dat strânljipnêst leit noch ien fan de twa aaien. Wol ’oanpikt’ mar net troch de pyk sels. Bistke wie der wol klear foar‚ mar hat it krekt net rêden. Predator, as hawwe it de âlden te lang duorre en in iepening makke, mar sûnder rissultaat?

Wypke van der Mei en Jan Castelein

Grou, july 2012