Zwaluwen 2015

Swellen

It giet goed mei de piperswellen yn Grou. Op plakken dêr’t dakrenovaasje west hat, merke we no in lichte daling. Mar op oare plakken, sa as yn De Koffe, De Aak en De Pluut binne ynienen in protte nêsten bykaam. Ek yn De Tsjotter , De Jol en De Tsjalk wreidzje se harren út. Yn it sintrum fan it doarp en tusken Gedempte Haven en Marswei binne al jierren in grut oantal. Ek yn de Nijdjipstrjitte en omkriten binne elk jier mear. Op it âlde Riedhûs sieten ek altiten in protte ûnder de pannen. Mar nei de renovaasje binne se fuort. We tinke dat se no wolris yn de Nijdjipstrjitte en omkriten sitte kinne. Der binne wol wer twa teld op it dak fan it Riedhûs. Dus it herstelt wer.

We merke dat de piperswellen harren hieltiten fierder yn Grou útwreidzje. We ha noch altiten in hiele grutte populaasje yn Grou.

Wieger.